Knegt: rekôr, mar gjin finale

Sjinkie Knegt
Shorttracker Sjinkie Knegt helle snein op de wrâldbekerwedstriid yn Dresden op de 1000 meter in Nederlânsk rekôr, mar gjin finaleplak. Yn de heale finale wie de ynwenner fan Bantegea trijetsiende fan in sekonde rapper as Niels Kerstholt, de âlde rekôrhâlder. Dy tiid wie net genôch foar kwalifikaasje foar de finale.
Sneon wie der ek al gjin finaleplak foar Knegt, doe bleau de Fries stykjen yn 'e kwartfinale fan 'e 500 meter.