Westra rapper as Contador

Lieuwe Westra is snein yn Portugal twadde wurden yn de ôfslutende tiidrit yn de Ronde fan de Algarve. De hurdfytser út De Tynje hie oer 17,2 km noch in efterstân fan fiif tellen op de Dútske winner Tony Martin. Troch de prestaasje klom Westra nei it tredde plak yn it einklassemint, dat ek wûn waard troch Martin foar de Amerikaan Tejay van Garderen.
Westra hold mei syn tredde plak âld-Tourwinner Contador mei in fjirde plak bûten in poadium.