Parkearboetes fuotbalfans

De plysje hat sneon in soad parkearboetes útdield by it fuotbaljen op It Hearrenfean. Yn totaal binne by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin AZ sechstich bekeurings útskreaun. Benammen op Het Meer stiene in soad auto's dy't der net stean mochten.
It yllegaal parkearen soarget foar oerlêst. Dêrom kontrolearret de plysje ekstra by de thúswedstriden fan SC Hearrenfean.