Fytsend famke (17) oerfallen

20 feb 2011 - 14:55

In famke (17) út Snits is sneontemiddei oerfallen op de Sudergoawei tusken Drylts en Snits. Se fytste fan har wurk nei hûs ta doe't se oansprutsen waard troch in man. Dy stie har njonken syn auto op te wachtsjen. Hy bedrige it slachtoffer mei in mes en easke jild en har GSM. Dernei naaide er út yn 'e auto. It famke is weromgien nei har wurk en hat dêr de plysje warskôge. Dy hat in Boargernetoprop útgean litten, mar oant no ta om 'e nocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)