Enkête oer 'Oude Schuur'

20 feb 2011 - 12:18

Steatsboskbehear op It Amelân freget bewenners en toeristen wat der gebeure moat mei de 'Oude Schuur'. Dat is in âlde wurkkeet dy't earst brûkt waard foar de opslach fan beamkes en de lêste jierren hierd wurde kin as fakânsjehûs. Omdat de keet der min oan ta is moat der aksje ûndernaam wurde.

Yn in enkête kin elk him no útsprekke oer de takomst fan de keet. Dy soe bestean kinne út sloop, mar ek ferbou ta eksposysjeromte of boartersplak is in opsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)