AZ wint fan Hearrenfean

19 feb 2011 - 23:05

SC Hearrenfean is der wer net yn slagge om yn 2011 yn it eigen stadion in oerwinning te heljen. De ploech ferlear mei 2-0 fan AZ.

Mei de skorste trainer Gertjan Verbeek op 'e tribune kamen de Alkmaarders nei in oere fuotbal op in 1-0 foarsprong. De korner fan Rasmus Elm waard troch Wernbloom binnenkopt. Yn de twadde helte krige Hearrenfean fia ynfaller Dost noch wol mooglikheden (op 'e latte), mar wie it opnij AZ dat fia Hector Moreno doel trof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)