CDA-jeugd wol ferjonging

19 feb 2011 - 18:00

Der sitte tefolle grize koppen yn de provinsjale polityk. Dat fynt de CDA-jeugd. Trije jonge kandidaat-steateleden fiere dêrom dit wykein aksje om de trochsneedsâldens yn Provinsjale Steaten nei ûnderen te bringen. In steatelid is no trochinoar âlder as fyftich jier. Jonge CDA'ers hongen freedtejûn in grut spandoek op op 'e Twibaksmerk yn Ljouwert. Der wurdt no it nije provinsjehûs boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)