Skiep op Nijstêd út protest

19 feb 2011 - 16:58

Sân natuerorganisaasjes rûnen sneon mei hûndert skiep troch de binnenstêd fan Ljouwert. Se wolle dúdlik meitsje dat der net besunige wurde mei op de natuer. Tsientallen frijwilligers dielden struibrieven út. De bedoeling fan de organisaasjes is om Friezen oer te heljen om op 2 maart op in partij te stimmen dy't it goed foar hat mei de natuer. Snein stean der ek twa aksjes pland, yn Bakkefean en yn Oranjewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)