Harkemase Boys hurd ûnderút

Harkemase Boys hat sneon mei 5-2 ferlern fan ARC, de nûmer lêst yn de topklasse. Neidat yn de begjinfaze fan it duel ûnder oare Velten, Barto en Schokker kânsen misten, kaam de ploech út Alphen aan den Rijn yn in tiidsbestek fan trije minuten op in 2-0 foarsprong. Barto tekene foar de 2-1.
Yn de jacht op de lykmakker, skoarde Schokker de 2-2 út in penalty, mar yn de 64e, 87e en de 89e minút wiene it de besikers dy't de goals makken.