Robert van Boxel ûnder it mes

© Omrop Fryslân
Robert van Boxel is sneon opereard oan de haksine oftewol de achillespees. De ferdediger fan SC Cambuur skuorde de pees freed ôf yn de wedstriid tsjin RBC Roosendaal.
Van Boxel komt dit seizoen net mear yn aksje, want gewoanwei duorret it herstel fan sa'n blessuere 10 moanne. It kontrakt fan de ferdediger by Cambuur rint dizze simmer ôf. Foar him is dizze blessuere dan ek ekstra soer.