Hurdriders: 100 yn stee fan 50

19 feb 2011 - 15:18

De plysje hat freed op de Aldlânsdyk yn Ljouwert in automobilist trapearre. Hy hie mear as twa kear sa hurd riden as op de dyk tastien is. De man hie 101 kilometer rieden, wylst dêr 50 it maksimum is.

Op 'e Oostergowei yn Ljouwert snipte de plysje ek in automobilist dy't fierstente hurd ried. Hy helle ek in snelheid fan 100 kilometer yn 'e oere, wylst ek dêr mar 50 it heechste is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)