Frou mei rollator bestellen

19 feb 2011 - 15:12

De plysje ûndersiket de stellerij fan de beurs fan in 59-jierrige ynwenster fan Ljouwert. De frou rint nei in operaasje tydlik mei in rollator. Doe't se freedtejûn op 'e Eastergrêftwâl fan in stoepke ôf moast, waard se holpen troch in man. By thúskomst seach de frou dat har beurs stellen wie.

De plysje siket no minsken dy't wat fan de stellerij sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)