Professor: Skaf provinsjes ôf

De provinsjes moatte opheft wurde. As dat no noch net slagget, dan moatte se earst mar fusearje. Dat sei professor bestjoerskunde Michiel de Vries fan de Radboud Universiteit yn Nijmegen sneon op Radio 1. Fryslân, Grinslân en Drinte soene yn alle gefallen as ien provinsje fierder moatte..
De provinsje is eins in oerstallich bestjoer, allinnich mar dwaande mei selsbehâld, mient professor De Vries. Hy ropt elkenien op om net te stimmen by de provinsjale ferkiezings.