Boskwachters bang foar baan

19 feb 2011 - 14:14

Besunigings op natuer soargje foar ûnrêst ûnder boskwachters. Se binne benaud dat se harren baan kwytreitsje. Yn it regearakkoart is fêstlein dat natuerorganisaasje de kommende jierren oant 70 persint besunigje. Takom jier allinnich al giet it om in bedrach fan 20 miljoen euro.

Foarsteld wurdt dat Steatsboskbehear grûn ferkeapet, bygelyks op de Waadeilannen. Dat soe grutte konsekwinsjes hawwe, neffens Steatsbosk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)