Marsum: man jout frou kopstjit
De plysje hat freedtejûn yn Marsum in 35-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling. De man hie in 26-jierrige plakgenoate in kopstjit jûn. Boppedat hie er in oarenien slein.
De plysje waard warskôge en dy hat de Ljouwerter oanhâlden. De man sit noch fêst op it buro.