Apoteek Akkrum wer iepen

19 feb 2011 - 13:15

De apoteek fan Akkrum foldocht wer oan alle easken en is wer iepen. Yn desimber waard it doe tydlik ûnderkommen ôfkard troch de ynspeksje fan de sûnenssoarch om't dêr offisjeel gjin apoteker wurke. Boppedat wie op it momint fan 'e kontrôle gjinien oanwêzich.

De apoteker sit no yn in nij diel fan mienskipssintrum Leppehiem. Dat gebou waard sneon offisjeel iepene. De apoteek fan Akkrum hat no ek in grutter ferskaat oan medisinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)