Bûn lilk om sluting Bylsma

19 feb 2011 - 10:35

De fakbûnen binne poerrazend dat it meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer samar ynienen de doarren sletten hat. De tweintich meiwurkers krigen woansdei te hearren dat se wol nei hûs gean koene. De oare deis waard it fabryk ûntromme.

Begjin july 2010 waard it meubelfabryk nei in fallisemint oernaam troch konkurrint Meubitrend út Oss. Fan de 44 meiwurkers krigen doe 20 in nije baan. De bûnen fine dat dy 'horkerich' behannele binne troch de akute sluting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)