Cambuur lit punten lizze
Cambuur hat freedtejûn by RBC punten lizze litten. Yn de útwedstriid yn Roosendaal waard mei 2-2 lykspile. RBC kaam troch Zuidam yn de earste helte op foarsprong. Yn de twadde helte wie Cambuur folle better en doe kamen de Ljouwerters troch Diaz en Reza op in 2-1 foarsprong. Cees Toet soarge foar de einstân fan 2-2.
Danny Guijt krige yn de ekstra tiid in reade kaart. Hy soe in tsjinstanner slein hawwe. Robert van Boxel skuorde in achillespees. Syn seizoen is no oer.