'Brûk jild spoar foar Thialf'

It jild dat oer is as it spoar fan Hearrenfean nei Grins net trochgiet, moat brûkt wurde foar de bou fan in nij Thialf. Dêr hat de mienskip mear oan as in spoar neist in autodyk. Dêr pleite FNP-listlûker Annigje Toering foar by in debat op It Hearrenfean.
Remco van Maurik fan de PvdA fynt dat de iisbanen fan Ljouwert en Hearrenfean gearwurkje moatte. Sa kin yn beide plakken in goede iishal komme en is der gjin konkurrinsje. It CDA sjocht grutskalige nijbou net sitten.