Achterstânswiken wol oanpakt

De gearwurking tusken de gemeente Ljouwert en twa wenningkorporaasjes yn de wyk Heechterp-Skieringen giet gewoan troch, ek al wurdt de saneamde Vogelaarheffing ôfskaft. Dat litte Ljouwert en de korporaasjes Elkien en WoonFriesland witte.
De Vogelaarheffing is oait oplein oan alle wenningkorporaasjes, sadat der ynvestearre wurdt yn achterstânswiken. De partijen stekke no sels goed 4,1 miljoen euro yn de wyk. Sa wurdt de kommende jierren ferboud en sloopt.