Gerad Punch ferlingt kontrakt
Basketballer Gerad Punch spilet ek takom seizoen by it Ljouwerter De Friesland Aris. De 26-jierrige Amerikaan hat syn kontrakt mei twa jier ferlingd. It bart hast noait dat Aris in kontrakt foar twa jier oangiet.
Punch, in 1 meter 93 lange oanfaller, is de earste spiler dy't foar takom seizoen fêstlein is.