Sakelju ha profyt stoomtrein

Undernimmers profitearje flink fan de toeristen dy't de stoomtrein lûke sil. Dêrmei hopet it bestjoer fan de stoomtrein ûndernimmers waarm te krijen om jild te jaan foar har marketingsysteem.
De organisaasje keppelet oan de eigen webside in systeem dêr't toeristen op sjen kinne wat yn de doarpen en stêden oan it spoar te belibjen is. In potinsjele goudmyn foar musea, hoareka en winkellju. Dat systeem is freed presintearre.