Ferdûbeling N381 wer tichterby

18 feb 2011 - 14:28

De ferdûbeling fan de dyk N381 fan Drachten nei Donkerbroek is wer in stap tichterby. Trije gemeenten en de provinsje tekenen freed in oerienkomst. De dyk moat it feiliger meitsje foar it ferkear.

Tsjinstanners jouwe de striid noch net op. Benammen yn Donkerbroek is der protest, om't dêr in folslein nij stik twabaans dyk oanlein wurde sil. De nije dyk moat noch yn it definitive provinsjale ynpassingsplan fêstlein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)