Jans set oanfierder op 'e bank

Breuer sit op de bank tsjin AZ
Michel Breuer sit sneon yn de thúswedstriid tsjin AZ op de bank. It is foar it earst dit seizoen dat Ron Jans syn oanfierder bûten de basis lit. Ofrûne wykein tsjin NAC wie Breuer blessearre en waard doe ferfongen troch Daryl Janmaat. Jans wie tefreden oer de ferdigening en feroaret neat. Dat betsjut dat ek Arnold Kruiswijk op 'e bank begjint.
Mika Väyrynen is skorst, syn ferfanger is Michal Svec. Roy Beerens is noch net hersteld fan syn ankelblessuere.