Koarting op belesting yn SWF

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân betelje dit jier minder gemeentlike belesting. Elk krijt 25 euro korting op de ôffalstoffeheffing. De fiif gemeenten dy't opgien binne yn Súdwest-Fryslân wiene ferline jier minder kwyt oan it ferwurkjen fan ôffal en dat foardiel wurdt trochberekkene oan de ynwenners.
De hûnebelesting is ôfskaft, om't it heffen fan dy belesting mear koste as dat it opsmiet. De tariven fan de fiif eardere gemeenten binne no lyk lutsen.