Cambuur hat fitte seleksje

Cambuur wol freed yn Roosendaal wer winne. De lêste trije wedstriden wûn de Ljouwerter klup. Dat moat tsjin RBC ek gebeure. De Ljouwerters hawwe in sa goed as fitte seleksje. Allinnich Reza Ghoochannejhad trainde tongersdei net mei. Hy wie moandei yn Emmen mei trije doelpunten noch de grutte man by Cambuur.
De wedstriid RBC-Cambuur begjint freed om 20.00 oere en is streekrjocht by Omrop Fryslân te folgjen op de radio.