Noed oer man yn Iraanske sel

Amnesty International hat grutte soargen oer in Ljouwerter (41). Hy sit yn in finzenis yn Iran. De Iraniër kaam yn 1993 nei Nederlân en krige de Nederlânske nasjonaliteit.
De man gong yn 2000 werom nei Iran om't er noed hie oer de situaasje dêr. Yn Teheran waard er oppakt om't er neffens de autoriteiten in oanslach plege woe op in eardere Iraanske minister. De Ljouwerter krige de deastraf. Dat is omset yn libbenslang nei ynminging fan it ministearje.