Fragen oer topfrou fersekerder

18 feb 2011 - 11:16

De SP yn de Twadde Keamer stelt fragen oer it nije haad ynkeap fan De Friesland. Iris van Bennekom is oant 1 maart topamtner by it ministearje fan folkssûnens, wolwêzen en sport. Dêrnei sil se nei de soarchfersekerder.

Der is reboelje ûntstien oer in troch dit ministearje organisearre stúdzjereis fan 100.000 euro nei Switserlân. Neffens de SP hat de reis it karakter fan in hiele djoere netwurkgearkomste dy't net past yn in tiid fan besunigingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)