Famke rêdt man út sleat

In famke (17) út Jellum hat tongersdei in man (22) út Sint Jabik rêden. Hy wie mei syn auto yn it wetter rekke. It slachtoffer wie op de Boksumerdyk by Goutum troch in kûle riden en rekke doe de macht oer it stjoer kwyt. Hy rekke yn de sleat njonken de dyk.
It famke fytste foarby en seach de auto yn it wetter. Se sprong deryn en makke de autodoar iepen. Sa koe it slachtoffer derút komme. Hy wie ûnderkuolle en is nei it sikehûs brocht.