Wer sieraden stellen

18 feb 2011 - 10:44

De plysje ropt minsken op 'e nij op om út te sjen nei ynbrekkers dy't it foarsjoen ha op sieraden en foaral har slach slane yn huzen fan minsken boppe de fyftich. Op De Jouwer waard tongersdei twa kear ynbrutsen, oan de Kooileane en de Hoornbloem. De dieders binne útnaaid mei it sieradeguod fan de bewenners.

De ôfrûne wiken giene dieven ek sa te wurk yn Burgum, Wolvegea, Wikel en Boalsert. Yn ien gefal koe de plysje fjouwer fertochten oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)