Wapene oerfal yn Ljouwert

18 feb 2011 - 10:41

Yn Ljouwert hat tongersdeitejûn let in wapene oerfal west yn in wenning oan de Gysbert Japicxstrjitte. Der waard oanbelle en in bewenner die iepen. In ûnbekende maskere man stapte it hûs yn en bedrige mei in fjoerwapen in 25-jierrige man. De oerfaller easke jild fan him. Om syn eask dúdlik te meitsjen loste er in skot. Ek kaam noch in twadde oerfaller it hûs yn.

Nei't de oerfallers lytsjild út de bûse fan it slachtoffer hellen, naaiden se út. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)