Wethâlder mei Dok 18 om tafel

18 feb 2011 - 09:36

Wethâlder Willemsma moat op 'e nij ûnderhannelje mei de útbater fan teater Dok 18 yn Dokkum. Dat sizze de fraksjes PvdA en VVD yn Dongeradiel.

Der is in konflikt tusken de gemeente en de útbater. Der leit in ôfspraak dat alle jierren 22 foarstellings yn it gebou wêze moatte. Dy belofte kin no net wier makke wurde. Neffens wethâlder Willemsma is al in soad dien om in oplossing te finen. De útbater hat net op de foarstellen reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)