'Dekking omroppen 100%'

De regionale omroppen moatte troch elkenien te beharkjen wêze. Dêrfoar pleitet it CDA yn de Twadde Keamer. De regionale omroppen hawwe neffens keamerlid Verburg in wichtige rol by rampen om't se dan de befolking fan ynformaasje foarsjen moatte. En dat kin neffens it CDA allinnich as der in 100-persint dekking is. It oerlisorgaan fan de regionale omroppen, ROOS, hat dizze wike in brief stjoerd oan minister Verhagen oer dit probleem.