Noardlike polityk te ferdield

17 feb 2011 - 19:17

De noardlike polityk is te bot ferdield om in fûst meitsje te kinnen tsjin de polityk yn Den Haach. Dat sizze de wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW Noard en MKB-Nederlân Noard.

Yn de oanrin nei de steateferkiezings hawwe VNO-NCW en MKB alle listlûkers yn Fryslân, Grinslân en Drinte in tal stellingen foarlein. Derút docht bliken dat de measten kieze foar noardlike gearwurking, mar oer it hoe en wat binne se it lang net iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)