Benefyt foar slim sike Tom (7)

17 feb 2011 - 16:57

De stichting Tom On the Move hâldt yn april in benefyt foar de slim sike Tom Philips (7) fan Oranjewâld. Hy hat de seldsume stofwikselingsykte Jansky Bielschowsky. Tom kin net mear selsstannich funksjonearje en moat 24 oeren deis fersoarge wurde.

It jild wurdt brûkt op in boatreis fan Tom en syn âlden nei de Middellânske See. It jild is nedich foar de oanskaf fan soerstoftanks en de hier fan ekstra romte op it skip foar medyske apparatuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)