Priisferleging huzen yn Hylpen

Troch in priisferleging fan 200.000 nei 135.000 euro is der in soad animo foar ûnferkochte nijbouhuzen yn 'e Stadsweide yn Hylpen. WoonFriesland hat sân foar de oarspronklike priis ferkocht. Op 'e oare tsien is no, nei de priisferleging, ek in opsje naam.
De earste keapers fine de priisferleging ûnearlik. WoonFriesland seit dat der oanpassings dien binne. Sa is by de goedkeape ferzje de grûn net yn eigendom en is de badkeamer net ôfwurke.