Botsing: automobiliste ferwûne

Foto: Jaring Rispens (www.stjoerder.nl)
Tusken Easterlittens en Wiuwert is tongersdei in automobiliste ferwûne rekke. Se botste op de Froonackerdyk op in oare auto en ried dêrnei tsjin in beam. De frou is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de oare auto rekke net ferwûne.
It oare ferkear hat in soad lêst fan it ûngelok hân. It waard earst omlaat troch de berm en oer it fytspaad. Dêr kamen in buske en in frachtweinkombinaasje fêst te sitten. Dêrnei waard de dyk twa oeren ôfsletten.