Automobiliste ferwûne by Harns
By in ûngelok op de Keningsbrêge yn de N31 by Harns is woansdeitemoarn tsjin sânen in frou ferwûne rekke. Wat de oarsaak west hat fan 'e botsing, is noch net bekend. De frou is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
By de oanriding wiene trije auto's belutsen. De Keningsbrêge hat in skoft ôfsletten west. Ferkear waard omlaat troch Harns hinne. Dat soarge foar in soad fertraging.