Steaten foar hege wynmûnen

17 feb 2011 - 10:26

Fryslân krijt yn de takomst wynturbines fan 150 meter heech. Dat hawwe provinsjale steaten besletten. In grutte mearderheid yn de steaten is foar it plan dat romte jout foar op syn minst 120 fan sokke hege wynmûnen.

De FNP en de VVD yn de steaten binne op de hege mûnen tsjin. De wynturbines moatte ûnder oare by de Ofslútdyk komme. De provinsje moat de plannen noch wol fierder útwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)