Warskôging by Pollendaam

17 feb 2011 - 10:04

Rykswettersteat hat by de Pollendaam yn 'e Waadsee by Harns warskôgingsbuorden delset. By heechwetter rint de stiennen daam ûnder. Wol gauris farre der boaten tsjinoan, al stean der wol beakens en ljochtpeallen op.

De oanfarring hat faak maleur fan gefolgen. It giet dan benammen om de rekreaasjefeart simmerdeis, mar betiden ek om frachtskippen. Op de buorden stiet dat de skippen tritich meter ôfstân hâlde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)