Gjin tsiende winst Flyers

foto: Martin de Jong
De A6.NL Flyers binne der net yn slagge om de tsiende winst op rige te heljen. Tsjin grutte konkurrint Tilburg waard op it eigen Thialf-iis mei 4-2 ferlern. Beide ploegen dy't stride foar it twadde plak, wiene oaninoar weage. Nei 0-0 waard it yn de twadde perioade 1-1, mei in Flyer goal fan Andrey Levitin.
Yn de lêste tweintich minuten kamen de Flyers noch werom oant 2-2, dêrnei profitearre Tilburg twa kear fan in man mear sitewaasje.