Grutte problemen metaal-CAO

Wurknimmers en fakbûnen lizze withoefier út mekoar
Wurkjouwers yn de lytsmetaal lizze op ramkoers mei de wurknimmers. Dat seit FNV Bondgenoten. Woansdei binne de ûnderhannelings foar in nije CAO út ein set, mar de ynset fan de wurkjouwers en fan it fakbûn lizze sa fier út mekoar dat it der net op liket dat der gau in akkoart komme sil.
It fakbûn easket yn in CAO foar ien jier in leansferheging fan 2,5 persint. De wurkjouwers wolle foar de kommende twa jier gjin feroarings.