Lobby foar behâld fleanbasis

16 feb 2011 - 20:22
  • Lobby om de fleanbasis iepen te hâlden

In delegaasje út Ljouwert reizget tongersdei nei Den Haach om te lobbyen foar it behâld fan de fleanbasis. Der moat flink besunige wurde op definsje. Ien fan de opsjes dy't neamd wurdt om jild te besparjen is it sluten fan de basis yn Ljouwert.

De delegaasje ûnder lieding fan boargemaster Ferd Crone hat in petear mei Keamerleden. Fierders sil in brief oerlange wurde oan Sander de Rouwe. Hy is waarnimmend foarsitter fan de kommisje fan definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)