Gaslek yn Heech by beammeplant

(argyffoto)
By it plantsjen fan beammen is woansdeitemiddei yn Heech in gaslek ûntstien. De gemeente wie dwaande de beammen te pleatsen op de Osingahuzen. Dêrby waard in anker, dêr't in beam mei fêstset wurdt, troch in gaslieding slein.
Ut foarsoarch is it stik Osingahuzen tusken de rotonde en de brêge foarearst ôfset. It lek hat gjin gefolgen foar de levering fan gas.