Plan kenniscampus goedkard

16 feb 2011 - 14:30

It bestimmingsplan foar de kenniscampus yn it Rengerspark is foar it grutste part goedkard. De Feriening leefber Rengerspark hie in saak oanspand tsjin de provinsje. Op de campus steane no al twa hegeskoallen. Der is romte foar studintewennings, in evenminteterrein en kennisrelatearde bedriuwen.

De steatsried hat it plan op trije punten ôfkard. Sa moat der mear dúdlikheid komme oer de gefolgen fan wentebou op it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)