Undersyk NHL: CDA is grutste

It CDA liket yn Fryslân de grutste partij te wurden bij de provinsjale steateferkiezings op 2 maart. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NHL Hogeschool. De PvdA en de VVD ûntrinne elkoar net in soad yn it tal stimmen.
Neffens it ûndersyk sil ien op de fiif Friezen net te stimmen. Fan dejingen dy't dat wol fan plan binne, wit in kwart noch net op hokker partij oft se stimme sille.