Gjin radioaktyf ôffal yn grûn
De earste hûndert jier wurdt yn de sâltkoepels yn de boaiem yn it Noarden gjin radioaktyf ôffal opslein. Dat hat minister Verhagen fan ekonomyske saken sein yn reaksje op in brânbrief fan de provinsjes. Dy hiene Verhagen warskôge dat Europa Nederlân yn in nije rjochtline ferplichtet om radioaktyf ôffal ûnder de grûn op te slaan.
Neffens de minister kin yn de takomst likegoed noch nukleêr ôffal opslein wurde yn in opslach boppe de grûn.