BFVW wol fûgels telle

16 feb 2011 - 12:05

It bestjoer fan it BFVW wol it tellen fan fûgels systematysker fêstlizze. Doel is om in better byld te krijen fan wat oan fûgels yn Fryslân fleant. Der komt in sintraal registraasjesysteem dêr't de gegevens fan de greidefûgels yn komme te stean.

It is ek de bedoeling om boeresweltsjes te tellen. It giet minder mei dy fûgel om't benammen de buorkerijen dêr't se sitte feroarje. It tellen wurdt yn 'e mande mei de Fûgelbeskerming dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)