Wurkbanken foar basisskoalle

16 feb 2011 - 10:51

CSG Liudger út Drachten hat twa multyfunksjonele wurkbanken makke foar basisskoalle 't Anker. Der binne hieltyd minder minsken dy't foar technyk kieze en it Liudger wol dêrom al op de basisskoalle bern entûsjast meitsje foar dizze sektor.

Troch spesjale wurkbanken te jaan hopet it Liudger dat bern al betiid technysk wurk dogge en dat dêrtroch yn de takomst net in grut tekoart ûntstiet oan minsken yn dizze sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)