De Wagt traint by BV Veendam

16 feb 2011 - 10:09

Fuotballer Chris de Wagt traint de kommende tiid alle moandeis mei by de seleksje fan BV Veendam. De ferdigener spilet op dit stuit by ONS Snits. Yn it ferline spile De Wagt ûnder oare 100 wedstriden foar SC Cambuur. Dêrnei kaam er út foar Top Oss, mar mei troch in blessuere rekke er út it betelle fuotbal.

De trainingen by Veendam binne om better te wurden en mear te trainen. Mooglik krijt De Wagt in kontrakt, mar dêr is earst noch gjin sprake fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)